In bysûnder grut soadsje
| voor De Moanne | schrijfwerkWa’t de ôfrûne wiken de kranten iepensloech koe em hast net misse: de Victory Boogie Woogie. Dêr wie er wer, it lêste wurk fan Mondriaan. Nei eardere ûndersyksrondes mei röntgen en ynfrareadtechnyk, wurdt it wurk op it stuit troch in deskundigentiim mei sterke mikroskopen ûndersocht, ûnder grutte oandacht fan de keunstwrâld. It opfallende skilderij is lykwols net allinne bekend fan alle keunstpausen dy’t wurk sa bejubelje, mar foaral fan it foarsidenijs yn 1998. Benammen de priis fan tachtich miljoen gûne soarge doe foar grutte konsternaasje en it like wol as hiel Nederlân der in miening oer hie - keunstpaus of net.
Sels kin ik elts krante-artikel oer de Victory Boogie Woogie wol dreame. Foar myn bachelorskripsje ferdjippe ik my moannen oanien yn de ophef rûn de oankeap fan it wurk. Under de titel ‘Fiktoarje of ferspilling?’ socht ik in ferklearring foar de reaksjestoarm, wêrby’t ik de trijedimensjonale analyse fan keunstsosjologe Nathalie Heinich tsjin it ljocht hold. Want sitewaasje, objekt en subjekt kamen hjir op bysûndere wize by inoar. Dat faktoaren as ynformaasjefoarsjenning, mienskipsjild en de aard fan it oankochte wurk ek hjir wer it resept foar konsternaasje foarmje, die dúdlik bliken. Ferskate subjektgroepen reagearden fel, mei ûnderskiedbere ôfkarringsarguminten. Hoe dan ek: sûnt dy tiid hâld ik de ‘VBW’ skerp yn ‘e gaten.
Unmondriaansk
It is dan ek in apart wurk, de Victory Boogie Woogie. Op it earste each docht it skilderij hiel ûnmondriaansk oan. De typyske strakke linen yn ien kleur en de rêstige ferdieling fan sekuer ôfwurke flakken, meitsje by dit wurk plak foar in dynamysk gehiel fan lytse flakjes, stikjes tape en karton yn alle skakearings fan read, blau en giel; al as net oerferve of oer inoar hinne plakt. Der is hast gjin line mear te sjen en it skilderij strielt gjin rêst út, mar libben. Ek hat it foar Mondriaanske begrippen gigantyske proporsjes: 126 by 126 sintimeter, yn in troch Mondriaan net faak brûkte rútfoarm. En wa’t der mei de noas boppe-op stiet sjocht daliks dat Mondriaan it hielendochs net ôfwurke hat en de flakjes faak net iens op inoar oanslúte. En al is de Victory Boogie Woogie in bysûnder grut soadsje, dizze triljende krêft makket dat it wurk yntenser, ûnrêstiger en ymposanter dan syn eardere keurige wurk.
Unmondriaansk is it wurk lykwols just nét. Dit wie wêr’t hy hinne woe. It skilderij is de kulminaasje fan de ûntwikkeling dy’t Mondriaan ynsette tidens syn lêste jierren yn New York. Op ‘e flecht foar de oarloch wenne er fjouwer jier yn it hert fan Manhattan, mids oare ferneamde keunstners lykas Duchamp, Chagall en Léger. Yn it brûzjende New York wie er tige populêr by de keunstners en de froulju, al bleau er solitêr figuer. It leafst wurke er allinne yn syn keale appartemintsje fan moarns betiid oant jûns let, by in platespiler mei lûde jazz en -fansels - boogie woogie. Telefoan of stuollen foar besite woe er net. De keunst wie syn alles en it nije, frije Amearika joech him de ynspiraasje om útein te setten mei nij wurk.
Sa wurke de balstjurrige keunstner fanôf 1942 oan de Victory Boogie Woogie, wêrmei’t de ûntwikkeling útwurke dy’t er mei de ferneamde Broadway Boogie Woogie ynset hie. It sinde him net dat it yn syn eardere wurk it wyt as in soarte sjoen waard. Mondriaan woe in ‘dynamic movement in equilibrium’ berikke, in perfekte, prikkeljende balâns. Mei help fan rollen kleurde tape, ferve en stikken karton koe er maklik skowe en eksperimenteare mei de komposysje, in proses wat hjoed de dei noch goed sichtber is. It mystearje fan it wurk ûntstie al doe’t Mondriaan der noch oan wurke. Tsjinoer freonen ferklearre er meardere kearen dat it wurk ôf wie, om dan dêrnei wer fan betinken te feroarjen. Twa jier wurke er driftich oan it skilderij, oant er yn 1944 ferstoar oan in longûntstekking. De sibben fûnen de Victory Boogie Woogie, sa’t oaren it wurk letter neamden, op de ezel yn de keamer. Op de fraach of’t it wurk beskôge wurde moast as ôf of ûnôf, kaam pas yn 2007 nei ûndersyk in antwurd: ûnôf.
Heare-oerlis
It wurk kaam yn Nederlânske hannen doe’t bliken die dat de Amearikaanske tiidskriftemagnaat Samuel Newhouse, dy’t it op ‘e sliepkeamer hingjen hie, it wurk yn 1998 wol ferkeapje woe. Jaseker, 40 miljoen dollar wie in soad jild, mar de Victory stie al langer op de winskelist fan de Hollânske keunstwrâld en De Nederlandsche Bank woe graach in moai gebaar meitsje rjochting de Nederlanners foar it ôfskie fan de gûne. Fûnsewerver en keunst-ûnderhanneler Jan Maarten Boll seach in flinke slach oankommen mei syn krekt oprjochten Stifting Nasjonaal Fûns Keunstbesit en gie yn konklaaf mei DNB-direkteur Wellink. Mei tawurd fan minister fan Finansiën Zalm en minister-presidint Kok koe sa de oankeap binnen in pear moanne realiseard wurde. Probleem: it kabinet wie op dat stuit demissionair en de 80 miljoen wie mienskipsjild dat útjûn waard troch in partikulier fûns. Ek waarden alle oerheidskeunstfûnsen én it kabinet sa passeard, wat foar in grut tal keamerfragen soargje soe. It die ek nochris bliken dat Zalm syn hantekening set hie foar de gift, sûnder dat er krekt wist wat der barde mei it jild. Krityske sjoernalisten hellen noch mear komprommitearjende feiten boppe tafel en joegen it it stimpel ‘heare-oerlis’. De politike gaos wie kompleet.
Kliederskilderij
Grutte irritaasje wie der by de krantelêzers, dy’t net sa sear krityk hiene op de sitewaasje wêryn at it wurk oankocht wie, mar dát it oankocht wie. It ‘kado foar it folk’ wie in wol hiel dikke sigaar út eigen doaze: “Ook zo’n behoefte om met uw museumjaarkaart ‘gratis’ naar 80 miljoen te gaan kijken?” By de priis, dy’t foar polityk of keunstpausen net sa’n beswier wie, wie by it ûnspesjalisearde publyk de balâns fuort tusken priis, nut en ambachtlike ynspanning. Wat koene je foar dat jild wol net dwaan foar bygelyks, de sûnenssoarch? Tachtich miljoen waard sowieso fierstente folle fûn foar wat foar keunstwurk dan ek. En dan ek noch sa’n lilk, ûnôf skilderij, in “kliederschilderij van een nepkunstenaar”. Echte keunst, dêr ha je gjin boekje by nedich, sa fûn ‘de Nederlanner’. Dy woe gjin keunstskiednis yn in list, mar gewoan in moai skilderij. Waard der yn de polityk en troch de sjoernalistyk benammen op de sitewaasje reageard en net op it wurk sels (of op de priis), de man fan de strjitte rjochte de pylken just op it objekt. In ûnspesjaliseard publyk reageart by keunstoankeapen fanút it eigen referinsjekader: de priis, it eigen gefoel foar ferhâlding, de eigen moraal en smaak.
Fiktoarje
Nederlân hat no hast tsien jier oan de Victory Boogie Woogie wenne kinnen en it soadsje rûn de oankeap is ferline tiid. Wat oerbleau is de kroan op de grutste kolleksje Mondriaans fan de wrâld. It is bysûnder dat it de Nederlanners dochs slagge is, tinkend oan de rike Japanners en Amearikanen dy’t der op keunstfeilings folle faker mei de bút fan troch geane. It skriele oankeapbudzjet fan de ús musea en fûnsen kin dêr ommers lang net mei konkurreare. De oankeap wie hoe dan ek in unyk momint yn de skiednis, en net allinne yn keunsthistoaryske en keunstsosjologyske sin.
No hellet de Victory Boogie Woogie de kranten wer, al is it op in oare wize. De rel rûn de oankeap is in koarte sin wurden yn in lêste alinea. Nei trije wiidweidige ûndersiken nei ûnder oaren de wurdingsskiednis en de konservaasjemooglikheden fan it wurk, krije de âlde fragen antwurden dy’t de keunstwrâld oernij yn de besnijing hâlde. Al wurdt it mystearje minder, de magy bliuwt. Foar immen dy’t wat mear wit oer de keunstskiednis en ynteresse hat foar de Nederlânske keunst, is it no fantastysk om de Victory Boogie Woogie sa tichtby te hawwen. En dat it yn 1998 net gie sa’t it hearde, och. Fanôf 26 maart 2008 is de hiele Mondriaankolleksje yn nije opstelling te sjen yn it Haags Gemeentemuseum, en dat is foar elk in oanrieder. Keunstpaus of net.