It byld dat alles seit
| voor De Moanne | schrijfwerkIn foto liicht net. Dêrom wiene de machthawwers fan it âlde Eastblok der ek net sa sljocht op. De bylden út de tiid fan it kommunisme moasten positive minsken sjen litte, dy’t fol wurknocht en optimisme de kamera ynblikten. It kollektive gie foar it yndividu en de eigen miening waard net op priis steld. Mar hast tweintich jier nei de fal fan de muorre is it krekt de yndividuele blik fan de fotografen dy’t yn ‘Behind Walls’ sintraal stiet. Mei Jacob van Essen (46), fotograaf by fotoburo Het Hoge Noorden, rin ik troch dizze presintaasje fan in boeiend tiidrek. “As fotograaf nimme je fan sa’n fototentoanstelling altiten wat mei.”
Nei Afrika, de Karaïben, Arabië en ferline jier Azië stiet de fyfde Fryske edysje fan Noorderlicht yn it teken fan it Eastblok. Mei treasteleas griis sette de muorren fan it Fries Museum direkt al de toan. De foto’s, meastens swart-wyt, stekke der yn brúne, swarte en grize listen mar beskieden by ôf. De trochgongen tusken de sealen binne markeard mei strange poarten fan stiel. Yn dizze omjouwing presinteart Noorderlicht in seleksje út it wurk fan 35 fotografen út 12 lannen. Fan Wyt-Ruslân oant Bulgarije, yn tsjinst fan it rezjime of ûndergrûns en selsstannich operearjend. Yndirekt jouwe se kommentaar op it libjen ûnder repressy en toane it protest fan in ûnfrije beropsgroep yn isolaasje.
Unferskilligens
“Wat my opfalt is de berêsting, de duldsemens dy’t yn in soad foto’s nei foaren komt. Der is in soad apaty”, merkt Jacob van Essen op at wy in skoftke oer de tentoanstelling rinne. It kloppet. Hoewol’t de minsk foar de measte fotografen it ûnderwerp foarmet, is der op de foto’s hast gjin glimke te sjen. Mei in soad oandacht, mar soms ek op snapshot-eftige wize is it deistich libben fêstlein. Lytse taferieltsjes sûnder opsmuk, militêren, stikeme naaktfoto’s. “It ruwe, rommelige karakter fan it Eastblok wurdt dúdlik net bemantele.”
Sels krijt Van Essen in grut ferskaat oan ûnderwerpen foar de lins. As fotosjoernalist, mar ek as bedriuwsfotograaf komt er oeral. “By my wurde alle foto’s eins ergens foar brûkt”, seit er. “Eltse foto hat in doel. En ik kin dêrby myn eigen gong gean, al binne der soms wol restriksjes. Bedriuwsfoto’s ha yn dy sin wol wat fan propaganda; at eltsenien der net fleurich en representatyf opstiet dan moat de foto oer.” Syn foarkar giet út nei de fotosjoernalistiek. “In Ljouwerter galeryhâlder sei ris: ‘Voor verdien ik mijn geld, maar achter ligt mijn hart.’ Sa sit it by my ek. By de sjoernalistiek moatte je yn no-time je keuzes meitsje. Der binne dan fotografen by dy’t mar raakklikke, mar ik sjoch goed en bepaal myn komposysje. Wa wit is it in erfenis út it analoge tiidrek, mar ik meitsje faak in lyts tal foto’s. It is in sport dan dochs mei it byld thús te kommen dat alles seit.”
Dizze sekuere ynstelling liket yn kontrast te stean mei dy fan Juraj Kammer, in Tsjechoslovaak dy’t foar it rezjime de offisjele byienkomsten fêstlizze moast. Op syn foto’s stiet der wolris wat skeef. Sa stekke der by in barse partijbons, dy’t mei in soad medailles it boarst sittend foar Kammer poseart, de blêden fan in keamerplant frjemd efter de holle wei. In oare foto portretteart in pear mannen dy’t by in fergadering mei ûnferhoalen ferfeling oer de tafels hingje. Op it bygeande buordsje is te lêzen dat Kammer’s tekoart oan belangstelling foar it ûnderwerp yn syn foto’s trochklinkt. Mar dêr kinne je je fraachtekens by sette.
Ek Van Essen kin him dy ûnferskilligens net goed foarstelle. “Eins kinst at je sa’n fotograaf binne net oars dan just alles aksentueare dat út de toan falt, krekt om’t alles sa itselde is.” Je soene je as westerling yntinke dat je fan sokke opdrachten just opstannich wurde, en net ûnferskillich. It komyske fan de spottende kroan en de karikaturale ferfeling liket dêrom mear te ferwizen nei de dúdlike kar fan de fotograaf it tafal as ekskús te brûken. En oars wol nei de kar fan de kuratoaren.
Punktum
It binne de eleminten dy’t út de toan falle dy’t der foar soargje dat in foto bybliuwt. Dit ‘punktum’ is ek oanwêzich by de foto’s fan Antanas Sutkus, in Litouwer en earegast op de tentoanstelling. Van Essen bliuwt der in skoft by stean: “Dizze foto’s binne gewoan hiel moai, en oer tweintich jier noch.” In jonkje rint mei in beamke yn ‘e hannen oer in dykje. Of in karre fol guod en keardels, mar op de eftergrûn in Cartier-Bresson-eftich silhouet fan in man dy’t oerstekt. “Sutkus docht dêr’t ik sels ek nei sykje. Ik hâld fan naturelle foto’s. Soms moatte je by portretten wolris wat dirigeare, mar ik set gjin dingen yn inoar. It moaiste is at der yn de foto krekt wat mear sit at wêr je foar komme. Dat kin in ljochtfal wêze, of in hâlding. Foto’s moatte ergens oer gean, én ergens de oandacht mei lûke.”
Sutkus brûkte in 6x6 kamera, krekt as de Fodorcord dêr’t Van Essen eartiids mei begûn. “Ik eksperimentearre by de tekenlessen op de middelbiere skoalle al in soad mei fotografy.” It firus sloech echt ta yn de tiid dat er yn Ljouwert op it Ubbo Emmius siet om tekenlearer te wurden. “Foar myn ‘wite punten’ wurke ik doe in skoft foar in krantsje. Sels foto’s meitsje, ûntwikkelje en ôfdrukke, it ambachtelike wurk dwaan yn de doka... Foto’s wiene yniens net mear in diel fan myn kreatyf wurk, mar fungearren yn tapaste sin. Doe’t bliken die dat ik dêr myn brea mei fertsjinje koe wie de kar snel makke.” No is Van Essen al jierren ien fan de eigners fan Het Hoge Noorden, seker yn it noarden in bekende namme.
“Ik mis noch wolris it rêstpunt dat de doka joech yn it wurkritme”, jout er ta. “Mar de kearn fan it wurk is itselde. Ik leau dat je fotografeare hoe’t je yn inoar stekke. Mei in foto fertelst wat oer dysels, al bliuwt it tagelyk objektyf. Dochs leist mei dyn foto dyn byld fan de werklikheid op oan de taskôger.”
Archetypen
Sommige foto’s dy’t hingje by Behind Walls binne net direkt moai, mar wol faksinearjend. Dêrûnder falle de Infrared Night Shots fan de East-Dútske Erasmus Schröter. Hy skeat nachts syn foto’s klandestien mei ynfraread fanút de heup. It risseltaat is in samling skichtich sjende minsken mei reflektearjende eagen, heal út it kader fallen, grutte swarte leechtes der neist. Net direkt in estetysk gehiel, mar just troch de kontekst museumweardich. De Poalske mynlânskippen van Michal Cala, sitte dan wer oan de feilige kant. Van Essen fynt se hiel skoalsk: “It is moai neffens it boekje, in soad klam op de hege ljochten en in soad kontrast. Mar ik fyn it net spannend.” Dochs krije de foto’s in rau rantsje at je witte dat Cala der foar oppakt wurde koe om’t it fotografearen fan industry gelyk stie oan spionaazje.
De East-Dútske hippies fan Barbara Metselaar ferrasse in seal fierder mei harren gewoanens. Van Essen: “Sjochst hjir dat der bepaalde archetypen binne yn de fotografy. Ikoanyske bylden dy’t eltsenien alris makke hat omdat we se kinne.” We sjogge in laitsjende frou dy’t mei de hannen breedút yn in fjild mei hege blommen stiet, mar ek in studint yn ûnderbroek dy’t joalich syn spierballen rôlje lit. “Dit soarte sitewaasjes litte minsken automatysk nei harren kamera’s gripe.” En it ûntwiken fan dit soarte stereotypyske bylden falt noch net ta. “Yn 1985 wie ik ris yn East-Berlyn mei ekskurzje. Ik wit it noch goed, dy treasteleaze kroechjes dêr’t minsken skichtich foar je opside skoden. It die swiermoedich oan, griis en grau. Yn in ferfallen teater ha ik noch foto’s makke. Tsja. Dat fûn ik sa typysk dat ik it fêstlizze woe. Of in ferfallen Hinterhof (laket). Dat wist ik, dat byld koe ik fan East-Dútslân.”
Ostalgy
Wat dat betreft feroaret ‘Behind Walls’ net in soad oan it bekende byld fan it Eastblok. By ‘Beyond Walls’, it tentoanstellingsdiel mei foto’s fan nei 1989, ha de foto’s lykwols mear kleur, mar ek dêr bliuwt de wrakseling mei it ferline it haadtema. Dochs is it bysûnder om dizze bysûndere samling oan foto’s te sjen. Meastens is it foar it earst dat it wurk toand wurdt bûten de grinzen fan it eigen lân. Der binne foto’s by dy’t by it ôffal fuorthelle binne. Oare foto’s roppe de gedachte op dat se jierrenlang yn geheime laadsjes op harren frijheid wachte ha. ‘Behind Walls’ boartet mei dizze klandestine aard. Alle ferhalen drage by oan de kontekst dy’t ek skynber gewoane foto’s sa bysûnder meitsje.
“Foto’s ha sowieso al iets ekstra’s at se yn in litsje hingje”, seit Jacob. Mar syn eigen foto’s yn in listje, dat hoecht fan him net. “Lêst sei immen tsjin my: ‘Jij komt er wel’. En ik tocht, ik bin der al. Want mei wat ik no doch bin ik hiel tefreden. It is in kar dy’t je meitsje. Wolle je lanlike bekendheid en toand wurde yn in museale omjouwing? Of wolle je fierd wurde troch opdrachtjouwers dy’t wurdearje wat je meitsje? Doch my mar it lêste.”