“Sommige wurden sjonge fan harsels al”
| voor De Moanne | schrijfwerkIn suksesfolle band út Ljouwert? Grutte kâns dat Laurens van der Meulen der mei te meitsjen hat. De 23-jierrige muzikale perfektionist hat mei ferskate bands al aardich wat poadia fan poptimpels beklommen en syn tentakels rikke fier yn de Fryske popwrâld.
Dochs bruts der hjir en dêr in klomp doe’t bekend waard wêr’t er mei ôfstudearre op de Ljouwerter Popakademy. De totaalfoarstelling ‘It Langstme en de Dea’ is nammentlik tsjuster, teatraal en… yn it Frysk. “Wol raar. Ik stie altiten bekend as ‘dy hurd wurkjende jonge’. No is it: ‘dy Fryske artyst’.”
Al hat er it altiten drok, as er oanskoot op it terras fan de Ljouwerter Ierske Pub is Laurens optein en tefreden. It measte wurk sit der dan ek al op. De rispinge fan moannen wurk oan ‘It Langstme en de Dea’ presintearre er yn febrewaris yn Poppoadium Romein. En dat gie goed: de parse wie ynteressearre en it publyk benijd. Foaral de minsken fan de Popadakemy. “Dit projekt past goed yn de tiid en dat witte sy. Op ‘t stuit wurde der ommers oeral op ‘e wrâld yn de eigen taal nije dingen makke mei ynfloeden út oare kultueren. En om’t ik de reputaasje ha fan in hurde wurker, waard der ek net lakerich oer dien.”
Foar Van der Meulen wie it ôfstudearen de langferwachte kâns om syn eigen ding te dwaan. “Yn it ferline moast ik my altiten ynpasse yn oare bands. No koe ik hielendal myn eigen gong gean, mei eigen ferskes yn myn eigen taal, in úttocht konsept en alle toutsjes yn eigen hannen.” It waard in lietesyklus besteand út acht dielen, dy’t har lykwols net as fleurich omskriuwe lit. Begelaad troch driigjende muzyk fan gitaren, drums en sello besjongt Van der Meulen swiere tema’s as skuld, jaloezy, geweld en striid. Net al te tagonklik, mar it sortearre effekt: elk woe mear witte fan dy frjemde muzikant dy’t him net samar yn in hokje triuwe lit.
Echtens
It plan om wat mei it Frysk te dwaan ûntstie in pear jier lyn. “Ik siet ris wat op myn gitaar te pielen en ik song dêr wat yn it Frysk by. Neat bysûnders op sich, mar ik murk dat der oare gefoelens nei boppe kamen at ik yn myn memmetaal song.” Gefoelens dy’t it deiljocht net ferdrage koene. “Ik skrok der fan yn it begjin, dat dit yn my siet. Fansels meitsje yn myn libbensfaze dea en ferbrutsen relaasjes yniens entree, mar ik tink ek foaral dat it Frysk is. Dat it ferbittere yn de Fryske kultuer ferweven is.”
Jeugdherinnerings oan in provinsje dêr’t it klimaat koel is, it lânskip leech, it libben isoleard en de minsken ûnbeslipe ha Van der Meulen tige beynfloede. “Yn it klisjee fan it kille, ôfhâldende fan de Friezen sit in wierheid. Dat fyn ik oantreklik en moai om’t it rau en echt is.” Twa faktoaren dy’t yn syn optyk tige wichtich binne. “Muzyk is in balâns tusken gefoel en technyk. As muzikant traine je fansels om op elts momint spylje te kinnen wat je wolle, mar it gefoel giet altyd foar. At it gefoel kloppet dan heare je dat drekt. Sjoch, ik tink yn it Frysk. Mei Frysk kloppe de bylden dy’t ik oproppe wol. It is it meast earlik en doeltreffend. Wêr’t ik yn der it Ingelsk folle mear yn om ouwehoerde ha ik yn it titelnûmer mar trije sinnen nedich. En dat is genôch.”
Hurde k’s
Foar in muzikant dy’t wend is Ingelsk te brûken brocht de nije taal foaral nije mooglikheden. Mei teksten as ‘Ik bin op syk nei de sirenes op ‘e wâl’ en ‘It doarp wie te lyts foar syn iensumens’ liket er foaral de poëtyske kant op te gean. Hjirby giet de betsjutting hân yn hân mei de klank. “’To ooze’ fyn ik ien fan de moaiste Ingelske wurden, om’t it klinkt sa’t it docht. Itselde ha je ek mei it Frysk. In wurd as ‘bloed’ krijt yn it Frysk yniens in soarte aksje, it giet harmoanysk nei ûnderen. Frysk is ek hiel geskikt foar driigjende klanken - dy hurde k’s en rren. En dan de dûbelklanken dy’t ferbûge en harren dêrmei prachtich foar muzyk liene... Sommige wurden sjonge fan harsels al. Dat ha je yn it Hollânsk net.”
Dat it dan taaltechnysk net altiten kloppet, makket Van der Meulen net út. “Dêr krij ik yndie wolris opmerkingen oer. Ik ha respekt foar minsken dy’t perfekt Frysk prate, mar ik fyn it net it belangrykst. Ik brûk it wurd of de sin, at dy foar my eksakt seit wat ik bedoel. Foar Liet, dêr’t ik no oan mei doch, hat in oar foar my de tekst neisjoen. Mar ja, dat sjong ik no alwer oars, dat giet fansels.”
Beatles yn it Frysk
Troch mei te dwaan oan Liet, bejout Van der Meulen him foar it earst yn de Fryske taalarena. En dêr stekt de taalpolityk as fansels de kop op. Van der Meulen merkt dat Friezen de taal mar dreech fan de muzyk loskeppelje kinne: “Friezen ha in grut wy-gefoel. Eltsenien liket yniens in miening te hawwen. Oer myn stim, of hoe’t it moatte soe. Of se warskôgje my dat ik net kritysk wêze moat oer oare Fryske muzikanten. Mar dat de minsken dy’t de pennen of ynstruminten yn hannen ha de peilers fan de kultuer binne, nee. Dêr liuw ik net yn. Yn popmuzyk moat de taal just loskeppele wurde fan de muzyk.”
Van der Meulen erfaart Fryslân as in ‘merk’ dat bestiet út stereotypen as ‘reedriden’, ‘pompeblêden’ en ‘skûtsjesilen’. Mei de FNP (“foar sa’n partij moatte je angstich wêze toch?”) as wachter by de poarte falt him as jonge popmuzikant it útrekken fan dat merk net ta. “It moat sa wêze dat itjinge dat je útdrage wolle belangriker is dan dat it Frysk is, en net oarsom! Ik wol just myn eigen belibbing en tematyk tafoegje. Nynke Laverman docht dat fantastysk, sy nimt fado mei en makket der iets eigens fan en ferriket dêrmei de Fryske kultuer. Mar wat moatte wy mei de Beatles yn it Frysk? Wiene de Beatles net goed genôch dan?”
Suksessen
Al mei al in projekt mei in soad útdagings, mar ek kânsen. Foaral dy kânsen wol er no oangripe, ûnder oaren troch it opsykjen fan de Fryske bolwurken as Omrop Fryslân en Liet. “Ik wol sjen oft ik der yn pas, of just net. At se my omearmje dan fyn ik dat prima. Mar at it net geef genôch is of te tsjuster, dan kin ik dêr ek mei libje.” Syn tentakels yn Fryslân fierder útstrekke dus, en wer mei sukses. It Langstme en de Dea stiet ynmiddels yn de finale fan Liet.
Lytsere suksessen wiene der ek, mar dan tichter by hûs. Sa hat de eardere ôfkear fan syn Hollânsktalige freondinne plak makke foar meisjongen yn grapjeierich nonsensfrysk. En witte de muzikanten fan bûtenôf no dat Frysk fierder giet dan it sintsje fan Pyt Paulusma. Laurens sels praat troch dizze ‘coming-out’ no mear Frysk mei minsken dan oait. Boppedat hat hy der aanst warskynlik noch in nije titel by. Dy fan ‘hurd wurkjende Fryske artyst’.
Laurens van der Meulen is toetsenist, gitarist, bassist, sanger, arranzjeur en producer en bemuoit sich it leafst oeral tsjinoan. Sa wie er arranzjeur foar de Tryaterfoarstelling Disco Pigs en fan Blend, dat op it Frysk Popgala 2008, State-X New Forms en it Frysk Festival stie. Fierder sit er yn tal fan bekende bands. Mei it dreamerige Miss Ippi stie er yn it foarprogramma fan CocoRosie, mei harksankjeband Not Shakespeare yn dat fan De Dijk. It lûde Lawn hat in kultstatus berikt yn Dútslân. En folktronikaband Jean Parlette is op ‘t stuit hurd op wei nei de nasjonale top.
Harkje nei It Langstme en de Dea op http://www.myspace.com/itlangstmeendedea
De finale fan Liet is op sneon 23 maaie 2009 yn de Harmonie yn Ljouwert.